Keunstgers mei rubberkerrels

26 nov 2002 - 00:00

In keunstgersfjild opfolle mei kerrels fan rubber. Foar Fryslân is dat unyk. Op it sportkompleks yn Surhústerfean is it fjild tiisdei iepene. Troch de kerrels ha de fuotballers gjin lêst mear fan brânblierren by in sliding.

It is wol djoer. It fjild kostet mear as 300.000 euro. Neffens Nijsingh fan it bedriuw dat it fjild oanlein hat, is keunstgers mei rubberkerrels de takomst. It is sêfter as sân dat earder as opfolling brûkt waard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)