Grutte kontrôle by frachtweinen

© Omrop Fryslân
Tritich prosint fan it Fryske frachtferkear hat de saken net op oarder. De trije noardlike provinsjes hâlden tiisdei in grutte kontrôle. Plysje, Iepenbier Ministearje, FIOD, dûane en maresjesee wurken dêr oan mei. Hûnderten frachtweinen binne op tal fan punten kontrolearre.
De plysje is net skrokken dat in tredde part fan de weinen net yn oarder is. Ek de frachtweinsjauffeurs meitsje har net drok. It is de safolste kontrôle.