Distrikten LN tsjin Ratelband

26 nov 2002 - 00:00

Foarsitter Bootsma fan distrikt Fryslân fan Leefbaar Nederland wol Ratelband net as listlûker ha. Dat sei er tiisdei yn Den Haach. Hy wurdt stipe troch alle oare distriktsfoarsitters. Se wolle dat Teeven listlûker fan de partij bliuwt.

De foarsitters binne lilk op it nei foaren skowen fan de Tsjakka-goeroe. Se wolle dat it partijbestjoer mei Jan Jetten opstapt. As it bestjoer dat net sels docht, moat foar 8 desimber in bûtengewoane ledegearkomste komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)