'Mear jild foar Fryske media'

26 nov 2002 - 00:00

Mear jild foar de Fryske media, dêr pleiten de Fryske Twadde Keamerleden Jorritsma en Atsma moandei foar. Dat barde nei oanlieding fan krityk fan 'e Rie fan Europa: Nederlân soe te min jild beskikber stelle foar it Frysk as twadde rykstaal.

De keamerleden wolle in finansjele regeling foar it Frysk yn de media. In mearderheid is tsjin besunigingen by de regionale omroppen. It kabinet woe hjir 30 miljoen besunigje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)