Aksje tsjin húslik geweld

25 nov 2002 - 00:00

Plysje en helpferlieners sille oar jier yn Fryslân in nije oanpak tsjin húslik geweld ynfiere. Moandei is yn Dokkum it startskot jûn, op de ynternasjonale dei tsjin húslik geweld.

De nije oanpak is yn Noardeast Fryslân al in jier mei súkses útprobearre. Maatskiplik wurk kin merke dat troch de nije oanpak it taboe trochbrutsen wurdt. Bysûnder oan de nije oanpak is dat ek de dieders help krije.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)