Frustraasje by Sake Porte

© Omrop Fryslân
Foar oanfierder Sake Porte is it 10-1 ferlies tsjin Spanje yn it finale fan it WK Keatsen yn Argentinië in wrang ôfskie. Porte is teloarsteld yn guon ploechgenoaten. Neffens Porte wie de sport foar guon dielnimmers earder bijsaak as haadsaak. "Der hie mear yn sitten, mar dat komt der sa net út."
Bûnscoach Johannes Brandsma relativearret de krityk fan Porte. "Der binne gjin ekstreme saken bard. Ik haw it wol slimmer meimakke yn myn tiid."