Aksje SP tsjin hierwentenferkeap

25 nov 2002 - 00:00

De Sosjalistyske Partij hat moandei aksje fierd by it kantoar fan Corporatieholding Friesland yn Grou. De SP is tsjin de plannen fan de holding om 15.000 hierwenten te ferkeapjen. Dy plannen fynt de partij 'asosjaal'.

Direkteur Deinum fan Corporatieholding Friesland ferwachtet dat mar sawat 2000 hûzen ferkocht wurde sille. De hierwenten wurde ek net yn ien kear, mar yn groepkes ferkocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)