Talant brûkt Aekinga Appelskea

© Omrop Fryslân
Der is in bestimming fûn foar de leech- steande gebouwen fan Jeugdsoarch Fryslân yn Appelskea. De gebouwen fan Aekinga steane leech om't de jeugdsoarch hieltyd minder jongeren 24 oeren op in dei opfangt.
Trije fan de seis hûzen jouwe no plak oan handikapten dy't in soad soarch nedich hawwe. Fan sokke opfang bestiet yn Fryslân krekt in grut ferlet. Soarchynstelling Talant wol op termyn alle seis hûzen wol yn gebrûk nimme.