Plysje hâldt winkeldief oan

24 nov 2002 - 00:00

De plysje hat sneon in 28-jierrige ynwenster fan Snits oanholden. De frou hat yn de ôfrûne moannen yn 26 winkels guod stellen. Freed hie de plysje yn dizze saak ek al in fertochte oanholden yn Hearrenfean.

De fertochten rjochten har op winkels yn Hearrenfean, Snits, De Jouwer en Wolvegea. Yn har wenten hat de plysje in grut diel fan it stellen guod fûn. It giet om boartersguod, dvd's, klean en húshâldlike apparaten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)