Poadiumplak foar Thomas

© Omrop Fryslân
Annamarie Thomas hat snein by de World Cup yn Thialf in poadiumplak helle op de 1500 meter. Se waard tredde, yn 1.58,89. Winner yn Hearrenfean wie de Kanadeeske Cindy Klassen, twadde waard Claudia Pechstein. Thomas stiet yn it World Cup-klassemint foar de 1500 meter no fjirde.
Sneintemoarn waard ek troch de B-groep in 1500 meter riden. Elma de Vries, fan Haule, waard dêrby fjirde, yn 2.04,02.