Ferlies foar Hearrenfean

24 nov 2002 - 00:00

It is Hearrenfean sneon net slagge om koprinner Ajax punten ôf te pakken. Yn it eigen Abe Lenstrastadion ferlearen de fuotballers mei 0-3. Hearrenfean koe net in stempel op de wedstriid sette en miste ek noch in pear bêste kânsen.

Ajax gie wol goed mei syn kânsen om. Yn de sechsde minút makke Van der Meyde al 0-1. Sân minuten foar de rêst skoarde Galasek 0-2. Yn de twadde helte makke Van der Meyde 0-3. Hearrenfean wurke hurd, mar it smiet neat mear op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)