Op 'e nij winst foar Cambuur

23 nov 2002 - 00:00

Cambuur pakte freed op 'e nij trije punten. Waard foarige wike út by Sparta wûn, no wie Top Oss oan bar en op 'e nij in útwedstriid. It waard yn Oss 1-2 foar de Ljouwerters. Op basis fan de earste helte wie dat dik fertsjinne. Jan Bruin makke doe 0-1 mar it hie mear wêze moatten.

De twadde helte wie minder goed. Top Oss kaam werom op 1-1, mar de winst waard úteinlik feilich steld troch ynfaller Katipana mei in moaie lob.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)