Minder plak yn Martinitsjerke

22 nov 2002 - 00:00

Troch oanskerping fan de brânfeiligensregels meie der tenei fjouwerhûndert minsken minder yn de Martinitsjerke yn Snits. Ynstee fan 1200 man kin der no noch 800 man yn. It beslút fan boargemaster en wethâlders hat grutte gefolgen. Manljuskoar Edoza hie foar it krystkonsert rekkene op de ferkeap fan 1200 kaarten, mar moat it no dus mei in tredde minder dwaan. Dat betsjut in finansjele strop fan 4000 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)