Koepel op Friesland Bank klear

22 nov 2002 - 00:00

Mei it pleatsen fan it lêste glêzen paniel hat de Friesland Bank freed syn nije glêzen koepel krigen. De nije markante bûtenkant fan it gebou is no klear. De binnenkant is no oan bar.

Yn de folksmûle hat de koepel al in bynamme krigen: de sparpot. De koepel liket op de âlde sparpotsjes dy't de bank eartidds útjoech. It kompleks fan de Friesland Bank stiet oan it Saailân yn Ljouwert. De gebouwen binne de lêste tiid renovearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)