Fernield keunstwurk fuorthelle

© Omrop Fryslân
It keunstprojekt Overvloed, fan de Dútske keunstner Bärbel Hische, is freed op It Amelân fuorthelle. It keunstwurk stie dêr yn it ramt fan de keunstmoanne op it eilân. De gemeente hat it fuorthelje litten om't it skansearre wie.
Overvloed bestie út trijehûndert rasterpatroanen en ballen. It keunstwurk wie foar in diel fernield troch de wyn, mar ek it publyk wie dêr skuldich oan.