Gedrachsregels yn Boarnsterhim

22 nov 2002 - 00:00

Yn Boarnsterhim is freed de kampanje ER ZIJN REGELS út ein set. Alle 35 hoareka-ûndernimmers dogge mei oan de kampanje dy't gasten ekstra wize moat op de húsregels. Doel is sa geweld en fernielings foar te kommen.

By de yngong fan restaurants, kafees en diskoteken komme buorden te hingjen mei dêrop gedrachsregels. Ien dêrfan is dat drugs en wapens ferbean binne. It earste boerd waard oanbean oan De Twa Gemeenten yn Jirnsum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)