Feemerk FEC offisjeel út ein

22 nov 2002 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De Ljouwerter feemerk yn it FEC foldocht oan alle easken en kin no offisjeel út ein sette. De feemerk funksjonearret al in jier mar foldie noch net oan alle easken.

Ald-minister Brinkhorst fan Lânbou joech nei in protte diskusje tastimming om wer hannel te driuwen yn it FEC op betingst dat alle oanpassingen foar 1 novimber klear wiene. Dat is slagge. Neffens de feehannelers kinne se har no rjochtsje op de takomst.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)