Heit rydt mei trekker oer jonkje

22 nov 2002 - 00:00

In 3-jierrich jonkje út Broeksterwâld is tongersdei slim ferwûne rekke doe't er oerriden waard troch in trekker. Syn heit siet achter it stjoer. De man ried mei de trekker oer it lân en it jonkje siet by him yn de kabine. Ynienen gie de doar iepen en foel it jonkje derút.

Syn heit hie dat net yn 'e gaten en ried mei in achtertsjil oer him hinne. De man warskôge in ambulânse. Letter waard de jonge mei in traumahelikopter nei Akademysk Sikehûs yn Grins brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)