Dave Hyrsky nije trener Flyers

© Omrop Fryslân
IIshockeyclub Formido Flyers fan It Hearrenfean hat wer in nije trener. De 34-jierrige Kanadees Dave Hyrsky sil oant de ein fan dit seizoen ferantwurdlik wêze foar de resultaten fan de Flyers.
Hyrsky sil de ploech nei alle gedachten no snein al yn de útwedstriid tsjin Geleen coache. De Kanadees fan Oekraïnske komôf is de opfolger fan Andy Tenbult, dy't koartlyn opstapte.