Nije skûtels yn Boerum

21 nov 2002 - 00:00

Goed personiel is dreech te krijen foar de nije taken op it satellytstasjon yn Boerum. Nei ynvestearrings fan miljoenen euro's yn trije nije gebouwen en twa nije skûtels kin eigner Xantic in grut part fan it stasjon ferhiere.

De nije brûker fan de tsjinsten is Inmarsat. Dy wol Boerum as grûnstasjon brûke foar in nije satellyt. Boerum sil in spesjalisearre stasjon wurde foar gsm-ferkear en multimedia. Stjoerder CNN sil ek kommunisearje fia Boerum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)