Bernlef-priis foar Reboelje

21 nov 2002 - 00:00

De Bernlef-priis, in priis foar artysten dy't dwaande binne mei lichte, earnstige of klassike muzyk, is takend oan de Frysktalige band Reboelje. Reboelje krijt de priis fanwege har foarbyldposysje foar de Frysktalige popmuzyk.

De band bestiet al rûm 15 jier en siket bûten de poppoadia ek teaters op mei spesjale projekten. Op it stuit spylje se in muzikaal teaterstik oer wurk en libben fan skilder Boele Bregman.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)