Nije reptilesaak yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
It rint dat it slydjaget mei de ferkeap fan reptilen yn Fryslân. Dat seit de eigner fan in krekt iepene reptilesaak yn Ljouwert. De nije winkel sit oan de Sudergrêftswâl yn Ljouwert. Der binne sa'n 50 soarten slangen, faranen, hagedissen en spinnen te keap.
Neffens de eigner groeit it tal leafhawwers ekstreem hurd. Foaral minsken dy't earder in akwarium hiene, geane no oer op in terrarium.