Ungelokken op glêd brechje

© Omrop Fryslân
Twa ynwenners fan Raerd stelle de gemeente Boarnsterhim oanspraaklik foar in slim ûngelok op de lytse brêge oer de Slotsdyk. Ien fan har, Guus Ackema, skuorde in moanne lyn alle spieren yn 'e knibbel by in fal op 'e glêde brêge.
Dêr binne de ôfrûne jierren al tsientallen kuierders ûnderút gongen. De gemeente neamt it spitich, mar seit net ferantwurdlik te wêzen. De slachtoffers wolle no nei de rjochter.