Rinske Tjeerdsma fermist
Sûnt 11 oktober wurdt de 32-jierrige Rinske Tjeerdsma fermist. Se is dy dei foar it lêst sjoen yn Grins en Ljouwert, en mooglik noch op 22 oktober yn Grins.
Rinske is sawat 1.80 lang, hat koart dûnkerblond hier, griene eagen en in bril. Se is klaaid yn in koarte swarte jas en joggingklean. Rinske makket in ferwarde yndruk. Minsken dy't har sjoen hawwe, kinne kontakt opnimme mei de plysje yn Grins: 0900 - 8844.