Stipe foar gearwurking yn ICT

21 nov 2002 - 00:00

It ryk stipet in gearwurkingsferbân op it mêd fan ICT yn seis Fryske gemeenten. Mei 90.000 euro is it doel om de kompjûterôfdielingen fan de gemeenten yn Súdwest-Fryslân by elkoar te foegjen. De plattelânsgemeenten hoopje sa jild te besparjen en de tsjinstferliening te ferbetterjen.

It projekt tsjinnet as foarbyld foar oare gemeenten yn it lân en krijt dêrom de subsydzje. Yn 2004 begjint de nij te foarmjen automatisearringsôfdieling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)