Kompensaasje Soldaat van Oranje

20 nov 2002 - 00:00

Ynvestearders yn de film Soldaat van Oranje krije fan de Fryslân Bank in oanbod om it ferlies te kompensearjen. De film giet oer fanwege in skeel tusken de produksjemaatskippij en de jildsjitters.

De 355 ynvestearders kinne no kieze út 700 euro of in leger bedrach mei de kâns om yn twa oare films te stekken. Oare filmprojekten by de Fryslân Bank, lykas Minoes en Ja Zuster Nee Zuster, wiene wol súksesfol.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)