Prinsipe-útspraak Nynke Eringa

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert leit him del by de rjochterlike útspraak oer trou-amtner Nynke Eringa. Dy seit dat de gemeente it ûntslach better taljochtsje moat. De rjochter moat no in prinsipe-útspraak dwaan dat godstsjinstfrijheid boppe de anty-diskriminaasjewet stiet, sa wol Ljouwert.
Nynke Eringa krige ferline jier dien om't se wegere minsken fan itselde geslacht te trouwen. De saak soarge foar in fûnamintele diskusje.