Undersyk nei yntimidaasje

© Omrop Fryslân
Thússoarchorganisaasje Het Friese Land ûndersiket oft der sprake is fan yntimidaasje yn it bedriuw. Inkelde moanne ferlyn waarden trije managers om dy reden nei hûs ta stjoerd. De saak kaam tiisdei foar de rjochter.
De rjochter bepaalde dat de managers net weromkomme meie. De organisaasje moat wol in skeafergoeding betelje. Soks is neffens foarsitter Koopmans fan de rie fan tafersjoch hiel normaal.