Bûn wol fallissemint Westerbaan

© Omrop Fryslân
De fakbûnen freegje mooglik it fallissemint fan boubedriuw Westerbaan oan. Neffens CNV-bestjoerder Osinga wurdt it fallissemint tongersdei net útsprutsen om't Westerbaan ûnderwilens de rekken fan ien fan de skuldeaskers betelle hat. De wurknimmers soenen dan noch langer op har jild wachtsje moatte. It personiel fan Westerbaan dat yn Drachten by it Stork-kompleks wurke, hat it wurk dellein.