DPA sponsort ploech Paul

19 nov 2002 - 00:00

Ids Postma en Gretha Smit ride nei alle gedachten yn it pak fan DPA by de kommende Worldcupwedstrdiden yn Thialf. De reedridersploech fan Ingrid Paul set tongersdei in hanteken ûnder it kontrakt mei dit finansjele detasjearringsbedriuw.

Mei de riders is ôfpraat dat de sponsor oant de Olympyske Spullen yn Turyn yn 2006 bliuwt. Nei dit seizoen siket Paul mear riders dy't by har yn de ploech trene kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)