Draaidoarkriminelen oanpakke

19 nov 2002 - 00:00

Saneamde draaidoarkriminelen moatte oanpakt wurde. It Iepenbier Ministearje yn Ljouwert komt mei in projekt tsjin kriminelen dy't alle kearen wer de fout ynegeane. Meastentiids giet it om ferslaafden of lju mei psychyske problemen dy't in soad oerlêst jouwe.

Yn de nije oanpak moatte de kriminelen kieze: of de finzenis yn of ôfkicke. Dêr krije se help om yn de maatskippij werom te kommen. Der is oerlis mei maatskiplike ynstânsjes oer it plan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)