Ljouwert siket 6 miljoen euro

19 nov 2002 - 00:00

It ekstra jild dat nedich is foar de opknapbeurt fan de Ljouwerter wiken Achter de Hoven en Vegelin wurdt helle út de algemiene middels of de reserves. Dat hat de gemeenteried moandei besletten.

It giet om in bedrach fan hast seis miljoen euro. De gemeente Ljouwert hie de kosten fan de werstrukturearring leger rûsd as dat se no útfalle. Neffens wethâlder Sluiter springt it Ryk mooglik ek noch by.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)