Oernamekandidaat foar Westerbaan

19 nov 2002 - 00:00

In grut, solide en Frysk boubedriuw hat him melden as oername-kandidaat foar it hast fallite boubedriuw Westerbaan út Ljouwert. Dat hat CNV-bestjoerder Osinga bekend makke. By Westerbaan krije 70 fan 'e 120 wurknimmers dien.

De oername-kandidaat, dy't him noch net bekend meitsje wol, soe mei de rinnende bouprojekten ek in part fan it personiel oernimme wolle. Om hoefolle minsken it krekt giet is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)