Stedswachten fiere aksje

18 nov 2002 - 00:00

De stedswachten fan Ljouwert ha moandei aksje fierd tsjin it plan om ID-banen, de eardere Melkertbanen, ôf te skaffen. Se diene dat by in besite fan steatssiktaris Rutte oan Ljouwert.

De gemeente Ljouwert hat de ôfrûne tiid in soad jild en enerzjy stutsen yn it skeppen fan de ID-banen. It ryk wol dêr no op besunigje. De stedswachten woene de steatssiktaris in kûgelfrij fest oanbiede, mar doarden dat úteinlik net oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)