Ferkrêfter oanholden

18 nov 2002 - 00:00

De plysje hat in 18-jierrige ynwenner fan Ljouwert oanholden. De man hie ferline wike moandei in prostituee ferkrêfte.

De man fergrypte him oan de frou yn in bordeel oan De Weaze yn Ljouwert. It slachtoffer is in 22-jierrige frou út Bulgarije. Sy hat oanjefte dien. De man koe tongersdei al oanholden wurde. Hy sit noch fêst op it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)