Meteoriterein (miskien) te sjen

© Omrop Fryslân
Yn de nacht fan moandei op tiisdei komt de ierde telâne yn de meteoriterein Leoniden. De Leoniden binne de resten fan in komeet út 1767. By goed waar kin dat moaie bylden opleverje fan fallende stjerren mei lange ljochtspoaren.
De Leoniden binne te sjen tusken fjouwer en seis oere. Se jouwe in soad ljocht omdat it om in 'frontale botsing' giet. In lyts sândieltsje dat ferbaarnt yn de atmosfear kin dan in grutte kûgel lykje.