Direkteur Westerbaan bedrige

18 nov 2002 - 00:00

Direkteur Brander fan it hast fallite boubedriuw Westerbaan is mei de dea bedrige. Neffens de ûndernimmingsrie komme de bedrigings net út de hoeke fan de santich wurknimmers dy't dien krije. Sy binne lilk op de direksje, dy't se wanbelied en mismanagement ferwite.

Sneon waard bekend dat 50 wurknimmers fan Westerbaan har baan hâlde en dat 70 dien krije. De lêste groep kaam moandei by-inoar foar in petear mei de fakbûnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)