Soad animo foar Fryske Kameleon

18 nov 2002 - 00:00

In lytse 50 Fryske doarpshuzen sille de Fryske Kameleon-film fan de studinten fan Bernlef sjen litte. Ferline wike belibbe de alternative Kameleon-film syn Fryske premiêre op it Noardlik filmfestival. Sneon krige Bernlef foar it projekt de Fryske parsepriis útrikt.

Takom wike freed tsjinnet yn Grins de rjochtssaak dy't útjouwerij Kluitman oanspand hat tsjin de studinten. De útjouwerij giet der net mei akkoart dat de Fryske film fertoand wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)