Fragen Verf oer stipe sportstêd

© Omrop Fryslân
Steatelid Willem Verf fan GrienLinks tinkt dat it oanpakken fan subsydzjes oan fuotbalklups troch de Europeeske Uny mooglik ek gefolgen ha kin foar Sportstêd Hearrenfean. Neffens Verf is stipe foar dit projekt ek yndirekt stipe oan SC Hearrenfean. Minister Remkes liet it ôfrûne wykein witte dat stipe oan clubs eins net mear kin.
Verf wol no fan Deputearre Steaten witte oft dy syn twivel ek diele. Verf wol dat it útsocht wurdt.