Vitesse - Hearrenfean 1-2

17 nov 2002 - 00:00

Sportclub Hearrenfean hat foar it earst dit seizoen in útwedstriid wûn. Yn it Gelredome yn Arnhim wûn de formaasje fan Foppe de Haan mei 1-2 fan Vitesse. By de rêst stie it al 0-2 troch goals fan Väyrynen en Hansma.

Vitesse die pas yn 'e 83ste minút wat werom, fia de foet fan ynfaller Sone. Vitesse besocht it dêrnei noch wakker mei in slotoffensyf, mar dat smiet neat mear op. Hearrenfean stiet no 15de mei 12 punten út 12 wedstriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)