Skuorkes yn Skarsterrienbrêge

© Omrop Fryslân
Der sitte skuorkes yn 'e brêge fan 'e A6 oer de Skarsterrien by Skarsterbrêge. Rykswettersteat hat noch gjin idee hoe't de skuorkes ûntstien binne. De tsjinst sil dat moandei ûndersykje. Dan wurdt ek besjoen wat der oan dien wurde kin.
Oant dy tiid kin it ferkear oer de A6 fan 'e Jouwer nei De Lemmer en oarsom gebrûk meitsje fan 'e linker rydstrook. De oerlêst fooar it ferkear bliuwt sa beheind.