Eschermuseum snein iepen

© Omrop Fryslân
Yn Den Haach giet snein it Eschermuseum iepen yn Paleis Lange Voorhout. De keunstner Maurits Cornelis Escher waard yn 1898 berne yn Ljouwert, hy ferstoar yn 1972 yn Hilversum. Noch by syn libben waard it wurk fan Escher wrâldferneamd.
Direkteur Wim van Krimpen ferwachtet dan ek in soad besikers yn it Eschermuseum; 80.000 oant 100.000 yn it jier. It museum krijt as namme 'Escher in het Paleis'.