Friezen leger op CDA-list

16 nov 2002 - 00:00

De Fryske CDA-keamerleden Algra en Kortenhorst binne yn fergeliking mei de ferkiezings fan maaie sakke op 'e CDA-kandidatelist. Joop Atsma fan Surhústerfean sakke fan it fyfde nei it sande plak en Roland Kortenhorst fan 'e Jouwer fan it 31ste nei it 33ste plak. Rendert Algra fan Jobbegea stiet op it neffens him ferkiesbere 46ste plak.

De Friezen binne justjes sakke op 'e list omdat it CDA inkelde Brabânske kandidaten in heger plakje ta ha woe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)