Nij wrâldrekord dominostiennen

16 nov 2002 - 00:00

Yn it FEC yn Ljouwert is freed in nij wrâldrekord omfallende dominostiennen festige. Yn totaal foelen 3 miljoen en 847.295 fan de 4 miljoen dominostiennen om. It âlde rekord stie op 3 en in heal miljoen stiennen.

Mei-elkoar hawwe sa'n 100 bouwers twa moanne dwaande west alles op te bouwen. It spektakel hat twa oeren duorre en wie live te sjen yn Nederlân, Italië, Dútslân, Spanje, België en Hongarije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)