Hylper monuminten yn tsjuster

15 nov 2002 - 00:00

De monuminten yn Hylpen steane yn it tsjuster. Trije rekreaasje-ûndernimmers dy't de beljochting regelje, wegerje dat noch langer te dwaan. Sy binne lilk op de gemeente Nijefurd, om't dy de toeristebelesting ferheegje wol.

De ûndernimmers binne eigner fan de haven en de twa kempings. Al sûnt 1993 sette sy trije monuminten yn it ljocht: it stedhûs, de tsjerke en de stedswachterswente.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)