Mear soarch oan hûs

© Omrop Fryslân
Yn Fryslân set op 1 desimber in eksperimint út ein foar de soarch fan de takomst. Boargers krije dêrby mear sizzenskip, troch bygelyks sels soarch yn te keapjen.
Alderen hoege troch it ynkeapsysteem net mear nei it fersoargingstehûs, mar kinne fysioterapeut, thússoarch en iten oan hûs komme litte. Yn Trynwâlden is it eksperimint al út ein set. Fersoargingstehûs Heemstrastate yn Oentsjerk is dêrtroch al oerstallich.