Ferkearsâlder op legere skoalle

15 nov 2002 - 00:00

Alden moatte sels de ferkearsfeiligens op de legere skoalle yn de gaten hâlde. Dat fynt alteast de gemeente It Hearrenfean. Yn gearwurking mei ferkearsfeiligens-organisaasje 3VO set de gemeente mei yngong fan dizze moanne út ein mei in ferkearfeiligens-projekt.

Doel is dat alle legere skoallen yn de gemeente in ferkearsâlder krije, dy't him of har ynsette sil foar de feiligens om de skoalle hinne. De âlder sil ek fungearje as oansprekpunt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)