Boek oer âlde spultsjes

14 nov 2002 - 00:00

Fan Gameboy of Action Man moat er neat hawwe. Mar fan bernspultsjes wit Albert Mulder alles ôf. De heit fan deputearre Bertus Mulder hat in boek skreaun oer âlde spultsjes. De presintaasje wie tongersdei yn it âldereintehûs yn Easterwâlde dêr't Mulder wennet.

Bern fan de Oostenbrugskoalle joegen in demonstraasje fan de spultsjes. Yn it boek stean ek poesie-albumferskes en riedsels. Mulder skreau earder it boek 'Ald ark'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)