Kompjûter foar Snitser minima

14 nov 2002 - 00:00

Minsken mei in útkearing yn Snits krije meikoarten in kompjûterkursus oanbean troch de gemeente. Mei de kursus kinne se in kompjûter fertsjinje, want dielnimmers meie de kompjûter fan 'e kursus nei ôfrin hâlde.

De gemeente Snits wol mei dizze regeling net allinnich de minima skewiele, mar ek harren bern. Dy hawwe yn in soad gefallen in kompjûter nedich foar skoalle. Foar minima is it in toer om sels in kompjûter te keapjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)