Kursus omgean mei de euro

© Omrop Fryslân
Hoe geane jo om mei de euro? Yn Snits en Wymbritseradiel krije mear as tûzen minsken mei in útkearing fergees in kursus oanbean. Se krije tongersdei in brief oer de kursus. Doel is te learen mei de euro om te gean om't bliken dien hat dat minsken troch de nije jildsoart mear útjouwe as se hawwe.
De kursisten krije yndividueel les yn praktyske saken lykas it byhâlden fan in húshâldboekje. Fan de doelgroep wurdt tocht dat 20 prosint meidocht.